Simmer yn Fryslan

Sin, sin, sinne

by Judith Fledderus

on Simmer yn Fryslan (2015)

Yn 'e sin, sin, sinne
Kin ik kilometers rinne
Ik kin eltse wedstriid winne
Alles laket my sa oan!
Yn 'e sin, sin, sinne
Ik wol dûnsje, ik wol springe
As it simmer is yn Fryslân
Dan kin ik alles oan!

'K bin op myn wurk, de tiid dy liket stil te stean
Tel de minuten, oh, koe dy klok mar flugger gean!
'K ha myn nocht fan it tsjuster binnen
'K ha myn kop der net by
It is tiid om de stap te nimmen
Lit dy oaren mar, ik ha hjoed frij!

'K stean yn de file, foar't stoplljocht yn in lange ry
Ik stean hjir al tiden, ik kom gjin meter tichterby
Wêrom moat ik dêr einlik hinne?
Wêrom soe ik noch gean?
Ut de file en yn de sinne
Lit dy auto mar lekker hjir stean!

'K stean yn de file, foar't stoplljocht yn in lange ry
Ik stean hjir al tiden, ik kom gjin meter tichterby
Wêrom moat ik dêr einlik hinne?
Wêrom soe ik noch gean?
Ut de file en yn de sinne
Lit dy auto mar lekker hjir stean!

Ik krij in hieltyd better sin
As ik dyn waarmte fiele kin
Safier fuort en toch tichtby
De enerzjy en it ljocht fan dy

'K stean yn de file, foar't stoplljocht yn in lange ry
Ik stean hjir al tiden, ik kom gjin meter tichterby
Wêrom moat ik dêr einlik hinne?
Wêrom soe ik noch gean?
Ut de file en yn de sinne
Lit dy auto mar lekker hjir stean!

Yn de sin, sin, sinnne, sin, sin, sinne, sinne!
As it simmer is yn Fryslân, dan kin ik alles oan!

Song Comments
On Sin, sin, sinne by Judith Fledderus

Must have JavaScript enabled to comment.